Biografy Bauke
![]() |
As lytse jonge mei gitaar yn de optocht fan Dokkum. Sa begûn it. In fleurich, kreatyf jonkje, sljocht fan sjongen. Om syn fjirtichste hinne waard it tiid om ris efterom te sjen: wêr wie dat fleurige, kreative jonkje mei syn gitaar? Hy naam opnij gitaarles en ûntduts dat sels lieten meitsje foar him moaier wie as lieten fan oaren te sjongen.
By de berte fan syn earste pakesizzer skreaun er "Basje". Op oantrúnjen fan freonen stjoerde hy it yn foar it Frysk sjongfestival Liet 1995. It waard útkeazen foar de finale. Fan it iene kaam it oare. Bauke waard frege “Basje” foar de radio te sjongen en sa kamen ek de earste optredens. Hy folge in liet-skriuwerskursus fan it FLMD by Doede Veeman en Piter Wilkens. Letter trof hy Jurjen van der Meer. Hy frege Bauke of it net tiid wie om in tal lieten op cd te setten. Sa waard de earste cd ‘Beklonken Leafde’ opnommen. Wer letter folgen “It slyt mar net’- en “Skaadman”. In tal betûfte gastmuzikanten wurken mei, sa as Hans Voerman, Frederike Kleefstra, Jan Ottefanger, Riemer Soolsma en Campbell Forbes. |
|
Dy gearwurking wie in boppeslach. Sûnt dy tiid is Campbell fêste begelieder fan Bauke en binne se in net mear by mekoar wei te tinken duo. It tal optredens groeide. Sa fersoargen se ek programma's yn gearwurking mei skriuwer Hylke Speerstra. Dy gearwurking brocht Bauke yn 2002 yn Kanada en Amearika dêr’t er optredens foar de Friezen om útens fersoarge. Yn 2005 mocht Bauke itselde dwaan foar de Friezen yn Nij Seelân. Ek wiene Bauke en Campbell te sjen en te hearren op Omrop en TV Fryslân en foar de VPRO Radio.
Yn 2006 groeide it duo út ta in trio en sels ta in kwartet. John Eskes, gitarist, akkordeonist en arrangeur skode oan as ekstra begelieder. John is in betûft musikus en is ûnder oaren bekend as muzikaal lieder fan Paul van Vliet en Rients Gratama. As slachwurker kaam Hans Sambrink der by.
|
