Home

Biografy Campbell

Campbell waard berne op ’e Bahamas. Op syn fjirtjinde krige er fan syn heit in gitaar. Doe’t er sechtjin wie woe er graach gitarist wurde by de ‘High School Band’. Mar dêr spile al in gitarist. Dy helle syn eindiploma en sa koe Campbell as bassist oan ’e slach.

Nei syn eksamen gie er nei ‘College’ yn Amearika om ynternasjonale betrekkings te studearjen. Hy liet de skoalle foar wat it wie, gie werom nei de Bahama's en sette him mei fol enerzjy ta de bas. Dat ynstrumint waard syn grutte leafde. Hy waard beropsmuzikant en wurke op de Bahamas mei in protte topformaasjes. Twa jier spile er yn ‘Beginning of the End’. Dizze band hie in wrâldhit mei ‘Funky Nassau’ (mear as trije miljoen cd’s ferkocht)  Súksesfolle toers troch Amearika en Kanada folgen.

Yn 1985 troude Campbell mei in Nederlânse. Fiif jier letter kamen se yn Nederlân wenjen; earst yn Amsterdam, letter yn Harns. Dêr begûn Campbell de band ‘Frees Carib’. Fryske muzikanten dy’t ûnder syn lieding Karibyske muzyk mei in Frysk sauske spilen. Ek spile hy noch yn in grut tal oare bands.
Yn 1999 frege Bauke of hy meiwurkje woe oan de cd ‘It slyt mar net’. Dat wie foar him in nije útdaging. By de presintaasje fan de cd liet it publyk witte de gearwurking tige te wurdearjen. Campbell waard Bauke’s fêste begelieder en begûn sels ek Frysk te sjongen.


In protte optredens folgen. Hjirtroch begûn Campbell him wat langer wat mear Fries te fielen. (‘Ik moat no bytiden yn ’e spegel sjen om te witten dat ik swart bin...’) Muzyk makke foar him yntegraasje yn Fryslân in stik makliker. Ien fan Campbell syn kredo’s is dat muzyk de brêge nei de minsken is.

Soest sizze kinne dat hy op dizze wize dochs noch in bydrage levert oan de ynternasjonale betrekkings.  Yntusken fielt hy himsels in echte Fries.  Hy is der grutsk op dat hy mei Bauke in eigen publyk wit te berikken.