Home

Nije cd “Moed en Nocht”

 

De presintaasje fan ús nije dûbel cd Moed en Nocht  yn de Maritime Akademy fan Harns wie in sukses.  Mear as 300 minsken toanden harren belangstelling. (Sjoch facebook)

De opnames fûnen plak yn de Vopro studio fan Hans Voerman Produksjes yn Ljouwert. John Eskes wie ferantwurdlik foar de arrangeminten en Hans Sambrink die it slachwurk. De gastmuzykanten Hubert Heeringa en Leon Mennen joegen ekstra kleur oan de lieten.

Der binne 28 lieten werom te finen op Moed en Nocht. It rint útein fan flintertin, oant bretaal en kritysk mar ek hyl blier.  Op Moed it langstme, de leafde, de trou en de treast... op Nocht it fertroude fjoer!

De resinsje fan Rudolf Nammensma yn de Ljouwerter:

In het Nederlands, Fries of stadsfries zingt hij de mooiste teksten en sfeervolste arrangementen, die nergens de aandacht van het woord afleiden. De musici met wie Van der Woude zich op deze dubbel-cd heeft omringd, liegen er niet om. En ook zijn repertoire is klasse. Zoals het oude succesnummer ‘Basje’ bijvoorbeeld. En het protestachtige ‘Lytse Kufu’, waarin hij zich samen met tekstschrijver Meindert Bylsma kritisch opstelt tegen collectes voor landen in de Derde Wereld. Of gevoelige nummers, zoals ‘Noch ien kear by dy lizze’ en ‘It slyt mar net’, beide van eigen hand.

De cd is te keap yn de winkels, by Marista Dronryp en fansels ek by Bauke te bestellen.

baukevanderwoude@hetnet.nl